Springe nei ynhâld

Hoito Dornseiffen

Ut Wikipedy
Hoito Godert Dornseiffen (1841-1922)

Hoito Godert Dornseiffen (It Hearrenfean, 25 jannewaris 1841 - dêre, 3 jannewaris 1922) wie in minnistysk predikant.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoito wie de soan fan Nicolaas Dornseiffen en Margaretha Born. Syn mem stoar doe't er amper oardel jier wie en syn heit, apteker op It Hearrenfean, stoar doe't Hoito Godert 14 jier wie. Hy wie doe wees en syn omke, Feike Born, minnistysk predikant op De Jouwer, naam de opfieding en fâdij fan de jonge Hoito op him.

Hoito woe arsjitekt wurde, mar de ynfloed fan syn omke wie sadanich, dat hy keas foar in karriêre as dûmny. Hy gie te learen nei it Doopsgesind Seminarium yn Amsterdam dêr't hy meardere kearen twifele oft syn kar wol goed west hie. Uteinlik makke hy de oplieding ôf en waard yn 1867 beroppen by syn earste en ienige Doopsgesinde gemeente yn Terherne.

Dornseiffen troude op 2 septimber 1881 mei Agatha Johanna Rutgers (1844-1924)[1] It houlik bleau sûnder bern.[2]

Hy soe fan 1867 oant 1902 yn Terherne stean. It amt fan preker gie him net maklik ôf, mar hy hie himsels net sa heech wat it ferkundigjen fan it wurd oanbelange. Hoito Godert wie mear in dwaner en in sosjaal oandiene man, dy 't him benammen it lot fan de Terhernster mienskip oanluts. Sa bekwame hy him, by it ûntbrekken fan in hûsarts yn it isolearre lizzende Terherne, yn it ferlienen fan earste help by ûngelokjes. Ek rjochte hy, tegearre mei syn frou Agatha Johanna Rutgers, in sparbank op foar de doarpsbern en ek foar de jonge feinten en fammen út it doarp, sadat der yn it gefal fan in houlik in steviger finansjeel fûnemint lei. Op woansdeitemiddei stelde hy de pastorije iepen foar de bern om te boartsjen. Hoito Godert makke him benammen grutte soargen oer it ûntbrekken fan ûnderwiis oan skippersbern. Dizze bern bleaune oer it generaal altyd by de âlden oan board en krigen by hea en te gers ûnderwiis yn de doarpen en stêden dêr 't men in oantal dagen foar de wâl lei om te lossen of te laden, it saneamde lisplakûnderwiis. De skippersbern krigen dan gauris in boekje mei opdrachten, dy 't se oan board meitsje moasten, en mei namen fan de iene nei de oare skoalle. De ûnderwizer tekene dan ôf at der in taak dien wie. De measte skippersbern giene sa nei tsientallen (legere) skoallen. Troch it ûnderwiis op dizze manier rûnen de measte skippersbern in grutte learefterstân op, dy't by't winter, as men yn it eigen doarp ynferzen foar de wâl lei, net ynrûn waard. Dizze bern folgen yn de wintermoannen ek de kategesaasjelessen fan dûmny Dornseiffen en al gau nei syn oantreden yn Terherne ûntdekte hy by harren in soad analfbetisme.

Skoalfûns foar skippersbern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om dêr wat oan te dwaan stifte hy yn 1870 it 'Skoalfûns foar skippersbern' yn Terherne. Hy wie sels de earste, dy 't jild yn it fûns stoarte en ek de Doopsgesinde gemeente die in duit mei yn it ponkje, krektas in tal begoedige ynwenners fan Terherne. De bedoeling fan it fûns wie, dat de skippersbern mei tastimming fan de âlden it hiele skoaljier troch ûnderbricht wurde koene by famylje of gasthúshâldings yn Terherne sadat dizze bern it hiele jier troch regelier ûnderwiis folgje koene. By pleatsing waard rekken holden mei de godstsjinstige eftergrûn. Neist in lytse bydrage fan de âlden soarge it fûns foar de skoalkosten en de kosten fan ûnderhâld. Dûmny Dornseiffen hold sels tafersjoch op de foarderingen fan de bern en ûnderhold it kontakt mei de húshâlding dêr't it bern ûnderbrocht wie.

It fûns wie sadanich in súkses, dat Hoito Godert Dornseiffen besleat om yn gearwurking mei syn sweager, dûmny Rutgers fan de herfoarme gemeente yn Terherne, it fûns oer hiel Fryslân út te wreidzjen. Dêrta waarden yn ferskillende doarpen kontaktpersoanen oansteld, dy't it kontakt mei de famylje/gasthúshâlding ûnderhold en tafersjoch hold op de foarderingen fan de bern. Op dizze wize binne der hûnderten bern yn in soad Fryske doarpen en stêden yn de gelegenheid steld om regulier ûnderwiis te folgjen. Hoito Godert sels wie der tige drok mei. Sa ronsele hy pleatslik de kontaktpersoanen en ûnderhold mei harren in soad kontakten. Faak gie hy nei har ta oer it wetter mei syn eigen Centerboard “De Meeuw”. Ut it eardere "Terhornsche fondsje" groeide it Skoalfûns foar Skippersbern yn Fryslân (1882) dat troch Dornseiffen laat waard oant 1910. Dit skoalfûns waard fold mei finansjele bydragen fan foaroansteande Fryske partikulieren en notabelen. Ek It Nut, Folsûnderwiis en sûnt 1899 ek it Ryk joegen subsydzje. Op de jiergearkomsten waard it jierferslach presintearre en neier taljochte. De opkomst by dizze gearkomsten wie lykwols bedroefd leech. Net omdat der gjin ynteresse wie, krekt oarsom, mar men gie der blykber fan út, dat de útfiering fan de doelstellings by de direkteur en de kommisje yn goede hannen wie.

Monumint foar ds. Dornseiffen yn Terherne

Nei de start yn 1882 waard it Skoalfûns in grut súkses. Yn 1907, by it 25-jierrich jubileum, wie der noch in wachtlist fan 183 bern, dy't foar pleatsing yn oanmerking kamen. Wyls giene der lanlik ek stimmen op om foar de skippersbern ynternaten te stiftsjen. Dêr wie Hoito Godert lykwols poer op tsjin omdat hy fûn dat it bern it bêste ôf wie yn in gesinssituaasje.

Yn 1905 waard hy, foar wat er as syn libbenswurk beskôge, beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Keninginne Wilhelmina spjelde him, by har besite oan Fryslân, it ridderkrús persoanlik op'e boarst.

Troch oerspandheid seach hy him needsake om al op 61-jierrige leeftyd syn emeritaat oan te freegjen. Foar it Skoalfûns bleau er him ynsetten. Yn 1918, nei in beroerte, seach hy hem needsake om syn funksje as direkteur fan it fûns del te lizzen en de funksje oer te dragen oan de hear H. Wuite. Oant seker it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch bleau it fûns bestean.

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Dornseiffen stoarn wie kamen der gjin fertsjintwurdigers fan de skippersmienskip op de begraffenis. Dêr waard skande fan sprutsen en de Federatie van Friese Schippersverenigingen rjochte doe in kommisje op om jild yn te sammeljen foar in monumint foar dûmny Dornseiffen.[3] It monumint krige plakje foar de meniste tsjerke fan Terherne. It monumint bestiet út in gearstalde sokkel: in plint mei frynslach, in fuotstik mei in opskrift, en in skacht mei ôfdekplaat; dêrop in swart skildere obelisk mei oan de foarside in reliëf mei in anker. Op de skacht fan it fuotstik op de nei de strjitte takearde side in opskrift "TER NAGEDACHTENIS AAN DS. H.G. DORNSEIFFEN ALS STICHTER EN DIRECTEUR Van HET SCHOOLFONDS VOOR SCHIPPERSKINDEREN IN FRIESLAND. VERENIGING DE DANKBARE FRIESCHE SCHIPPERS ANNO 1922" en op de sydkanten in reliëf mei palmtûken. Yn 2022 waard it monumint nei hûndert jier opknapt en waard by in spesjale gelegenheid de Fryske flagge fan it tinkteken helle troch kommissaris fan de Kening Arno Brok en Terhernster skippersdochter J. De Vries - Adema.[4] [5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genealogy, gezinsblad Dornseiffen
  2. Biografisch lexicon voor de geschiedenis van het Nederlands protestantisme, Huygens Instituut
  3. Dankzij Terhernster dominee konden talloze schipperskinderen lezen en schrijven. Frysk Deiblêd, 21 juny 2022
  4. CdK en schippersdochter onthullen opgeknapt monument Dornseiffen, LC, 30 juny 2022
  5. Herdenking en festiviteiten Dornseiffen 25 juni – met achtergrondinformatie over het Schoolfonds voor SchipperskinderenDoarpsynformaasje Terherne