Springe nei ynhâld

Shelley Duvall

Ut Wikipedy
Shelley Duvall
akteur
Duvall (The Texas Twiggy) yn 1977
Duvall (The Texas Twiggy) yn 1977
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 july 1949
berteplak Houston
stoarn 11 july 2024
stjerplak Blanco (Teksas)
jierren aktyf 1970-2001
2022-2023
Duvall, 1990

Shelley Alexis Duvall (Houston, 7 july 1949 - Blanco (Teksas), 11 july 2024) wie in Amerikaanske komyk en aktrise.

Se begûn har karriêre yn de santiger jierren yn films fan Robert Altman. Letter spile se yn films fan Woody Allen, Stanley Kubrick, Terry Gilliam en Tim Burton.

Duvall wie de dochter fan advokaat Robert R. Duvall (net te betiizjen mei de akteur) en Bobbie Crawford. Se studearre oan South Texas Junior College. Se wurke as kosmetica-ferkeapster doe't se ûntdutsen waard op in feestje fan talintejagers foar Altmans Brewster McCloud (1970). Nei in audysje by Altman krige se de haadrol as Suzanne. Altman wie ûnder de yndruk en frege Duvall foar syn folgjende films, wêrûnder McCabe & Mrs. Miller (1971), Thieves Like Us (1974), en Nashville (1975).

Yn 1973 boaske se mei Bernard Sampson, fan wa't se yn 1977 skiede. Se wenne fan 1976 oant 1978 tegearre mei muzikant Paul Simon.

Yn 1977 krige Duvall de priis foar Beste Aktrise op it Filmfestival fan Cannes en by de Los Angeles Film Critics Association foar har portret fan Millie Lammoreaux yn Altman's 3 Women. Datselde jier ferskynde Duvall yn Annie Hall, wêryn't se Woody Allens iendeismich spile.

Yn de iere jierren tachtich wie Duvall gastfrou fan Faerie Tale Theatre, in searje telefyzjeshows foar bern, faak basearre op populêre mearkes. Se spile sels de rollen fan Rapûnske yn Rapûnske en mûndersdochter yn Oegemantsje. De horrorfilm The Forest Hills wie de lêst film dêr't Duvall yn te sjen wie.

Op 11 july 2024, fjouwer dagen nei har 75e jierdei, stoar sy oan de gefolgen fan sûkersykte.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1970 Brewster McCloud Suzanne Davis
1971 McCabe & Mrs. Miller Ida Coyle
1974 Thieves Like Us Keechie
1975 Nashville L. A. Joan
1976 Buffalo Bill and the Indians, or Sitting Bull's History Lesson Frou Grover Cleveland
1977 Annie Hall Pam
1977 3 Women Millie Lammoreaux
1980 The Shining
1980 Popeye Olive Oyl
1981 Time Bandits Pansy
1984 Frankenweenie Susan Frankenstein Koarte film
1984 Booker Laura Koarte film
1987 Roxanne Dixie
1991 Suburban Commando Jenny Wilcox
1995 The Underneath Ferpleechster
1996 The Portrait of a Lady Grevinne Gemini
1997 Changing Habits Suster Agatha
1997 Twilight of the Ice Nymphs Amelia Glahn
1997 My Teacher Ate My Homework Frou Fink
1997 RocketMan Frou Randall Net op de titelrol
1998 Tale of the Mummy Edith Butros
1998 Casper Meets Wendy Gabby Direct-to-video
1998 Home Fries Frou Jackson
1999 The 4th Floor Martha Stewart
1999 Boltneck Frou Stein
2000 Dreams in the Attic Nellie
2002 Manna from Heaven Detektive Dubrinski
2023 The Forest Hills De mem fan Rico

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]