Springe nei ynhâld

Slach om Mogadisjû (1993)

Ut Wikipedy
Slach om Mogadisjû
(ûnderdiel fan 'e Somalyske Boargeroarloch)

Super Six-Four, ien fan 'e Black Hawks dy't delsketten wurde soe, boppe Mogadisjû.
datum: 34 oktober 1993
plak: Mogadisjû (Somaalje)
útkomst: taktyske pyrrusoerwinning foar de
Amerikaanske en FN-troepen; strategyske
oerwinning foar de Somalyske Nasjonale
Alliânsje
konfliktpartijen
Feriene Steaten
UNOSOM II-
         fredesmacht
Feriene Steaten
Maleizje
Pakistan
Somalyske Nasjo-
         nale Alliânsje
(SNA)
befelhawwers
William F. Garrison
Çevik Bir
Abdul Waheed Kakar
Abdul Latif Ahmad
William Boykin
Gary L. Harrell
Danny R. McKnight
Thomas E. Matthews
Michael D. Steele
Austin S. Miller
Mohammed Farrah
         Aidiid
sterkte
   160 (oarspronklik)
3.000 (ûntsettingsmacht)
19 fleantugen
16 helikopters
2.000-4.000
ferliezen
Feriene Steaten:
19 deaden
73 ferwûnen
  1 kriichsfinzene
  2 helikopters delstoart
  2 helikopters skansearre
Maleizje:
  1 deade
  7 ferwûnen
Pakistan:
  1 deade
  2 ferwûnen
200-1.000 deaden
~4.000 ferwûnen
kaart
Slach om Mogadisjû (Somaalje)
Slach om Mogadisjû
Lokaasje fan 'e Slach om Mogadisjû yn Somaalje.

De Slach om Mogadisjû (Somalysk: Maalintii Rangers, "Dei fan 'e Rangers"), ek bekend as it Black Hawk Down-ynsidint, wie in wapene treffen dat op 3 en 4 oktober 1993 plakfûn yn it ramt fan 'e Somalyske Boargeroarloch. Op dat stuit bestie der kâns op frede, mar ien fan 'e faksjes yn 'e boargeroarloch, de Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) fan kriichshear Mohammed Farrah Aidiid, wegere mei te wurkjen oan 'e ymplemintaasje fan it fredesplan fan 'e Feriene Naasjes. Nei wiken fan oprinnende spannings besochten Amerikaanske troepen, dy't stjoerd wiene om 'e UNOSOM II-fredesmacht fan 'e Feriene Naasjes te ûnderstypjen, om inkele heechpleatste funksjonarissen fan 'e SNA te arrestearjen.

De operaasje rûn lykwols folslein út 'e hân doe't de Amerikanen op mear wjerstân fan 'e Somaaljers staten as se ferwachte hiene. Twa Amerikaanske Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters waarden delsketten en de grûntroepen en de oerlibbenen fan 'e bemannings fan 'e beide helikopters rekken besingele troch de fijân. De ynset fan ferskate tûzenen FN-militêren út 'e Feriene Steaten, Maleizje en Pakistan wie nedich om 'e oarspronklike arrestaasjemacht te rêden. Der kamen 19 Amerikanen, in Maleizjer en in Pakistaan om en 73 oare Amerikanen, 7 Maleizjers en 2 Pakistanen rekken ferwûne. Fierders waard ien Amerikaan troch de SNA kriichsfinzen nommen en waarden de stoflike omskotten fan ferskate oaren troch de strjitten fan Mogadisjû sleept. Fan gefolgen waarden de Amerikaanske troepen in healjier letter út Somaalje weromlutsen. Troch de Slach om Mogadisjû bekuolle de Amerikaanske wil om troepen te leverjen foar FN-fredesmachten folslein.

Bûtenlânske bemuoienis mei de Somalyske Boargeroarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 1991 waard de Somalyske diktator Mohammed Siad Barre ôfset troch in koälysje fan rivalisearjende etnysk Somalyske stammen. Nei't harren doel berikt wie, rekken dy lykwols ûnderling deilis. Dat wie it begjin fan 'e Somalyske Boargeroarloch. Om 'e haadstêd Mogadisjû waard striden troch it Feriene Somalysk Kongres (USC) fan Ali Machdi Mohammed, dy't de ynternasjonaal erkende presidint waard, en de Somalyske Nasjonale Alliânsje (SNA) fan kriichshear Mohammed Farrah Aidiid. Dyselde wie in lid fan 'e Hawiye-clan fan 'e Habar Gidir-stamme, en datselde gou foar it meastepart fan syn mannen. De boargeroarloch late ta de ferwoastging fan 'e Somalyske lânbou, wat wer hongersneed ta gefolch hie. Der kamen yn 1991 en 1992 nei skatting 300.000 minsken om troch honger en nochris 3 miljoen oaren wiene slim rekke troch ûnderfieding.

In efterlitten Somalyske M47 Patton-tank oan it begjin fan 'e Somalyske Boargeroarloch.

Yn augustus 1992 kaam der ûnder de namme fan Operaasje Provide Relief in ynternasjonale humanitêre helpaksje op gong om 'e Somalyske befolking fan 'e hongerdea te rêden. Oer in perioade fan in healjier waard 48.000 ton iten en medisinen ynflein, foar it meastepart yn Lockheed C-130 Hercules-transportfleantugen fan 'e Amerikaanske Loftmacht, dy't ynset wiene op befel fan presidint George H.W. Bush. In grut diel fan it helpguod kaam lykwols net telâne by de minsken dy't der ferlet fan hiene, mar waard yn beslach nommen troch Aidiid en syn SNA-milysje, om inkeld ûnder de eigen oanhing útparte te wurden. Om 'e humanitêre ramp tsjin te kearen, setten de Feriene Steaten yn desimber 1992 in grutte operaasje op poaten (Operaasje Restore Hope) om 'e humanitêre helpoperaasje te assistearjen en te beskermjen mei de ynset fan militêren op 'e grûn, de saneamde Feriene Taakgroep (Unified Task Force, UNITAF). Dy wie gearstald út ûnderdielen fan it Amerikaanske Marinierskorps dy't de macht yn Mogadisjû oernamen en in foarm fan sintraal bestjoer fêstigen.

Op 3 maart 1993 rjochte de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes op oanrieden fan sekretaris-generaal Boutros Boutros-Ghali in formele FN-fredesmacht foar Somaalje op, mei as namme UNOSOM II (United Nations Operation in Somalia II). Dy naam de taken fan 'e Amerikaanske mariniers oer, wêrnei't dy weromlutsen waarden. Om't der noch altyd gjin effektyf Somalysk regear wie, en dêrmei gjin útsjoch op 'e beëiniging fan 'e fredesmacht, waard der op 15 maart in top yn 'e Etiopyske haadstêd Addis Abeba belein, dêr't alle fyftjin faksjes yn 'e Somalyske Boargeroarloch by fertsjintwurdige wiene. Der waard in fredesplan ûndertekene dat ta frede en demokrasy liede moast, mar tsjin maaie 1994 wie dúdlik dat de SNA fan Mohammed Farrah Aidiid net meiwurkje soe oan 'e ymplemintaasje fan it fredesakkoart, hoewol't de SNA it akkoart wól ûndertekene hie.

Eardere konfrontaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynstee begûn Aidiid anty-FN-propaganda út te stjoeren oer syn Radio Mogadishu. Luitenant-generaal Çevik Bir, de Turkske befelhawwer fan UNOSOM II, joech befel om 'e radiostjoerder út 'e loft te heljen. Aidiid waard dêrfan nei alle gedachten op 'e hichte steld troch spionnen yn it haadkertier fan 'e fredesmacht, en doe't op 5 juny FN-troepen útstjoerd waarden nei it gebou fan 'e radiostjoerder, waarden se oanfallen troch de SNA, mei 24 deade en 57 ferwûne Pakistaanske soldaten, 3 ferwûne Amerikanen en 1 ferwûne Italjaan ta gefoch. De deis dêrnei naam de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes Resolúsje 837 oan, dy't opdracht joech ta de arrestaasje en berjochting fan dejingen dy't foar de oanfal ferantwurdlik wiene, mei yn it foarste plak Aidiid sels. Der waard in preemje fan $25.000 op syn holle set, mar hy soe nea oppakt wurde.

De sitewaasje waard fierder op skerp set troch in Amerikaanske militêre operaasje yn Mogadisjû op 12 july, dy't bekend kaam te stean as Bloedige Moandei. Dêrby foelen Amerikaanske troepen dy't UNOSOM II ûnderstipen (mar der gjin direkt ûnderdiel fan útmakken) mei Bell AH-1 Cobra-helikopters bewapene mei TOW-raketten in hûs oan dêr't in gearkomste fan stamâldsten oan 'e gong wie. Neffens de Amerikaanske oerheid gie it om in oarlochsrie wêrby't plannen belein waarden foar oanfallen op 'e FN-fredesmacht, mar neffens de Amerikaanske oarlochskorrespondint Scott Peterson wie it in gearkomste fan âldere stamhaden dy't in manear beprate woene om in ein oan it geweld te meitsjen. Neffens it Ynternasjonaal Komitee foar it Reade Krús foelen by de oanfal 54 deaden en 161 ferwûnen, neffens de Amerikanen minder en neffens de Somaaljers mear. Somalyske boarnen holden ek út dat Amerikaanske grûntroepen nei de besjitting 15 oerlibbenen mei pistoalskotten stânrjochtlik eksekutearre hawwe soene, in beskuldiging dy't de Amerikaanske legerlieding fier fan him smiet. Yn elts gefal hearde Aidiid net ta de slachtoffers en it is skoan mooglik dat er nea by de gearkomste oanwêzich wie.

In helikopter fan it Amerikaanske Marinierskorps boppe Mogadisjû as ûnderdiel fan Operaasje Restore Hope yn 1992.

Op 8 augustus kamen fjouwer Amerikaanske soldaten om by in bomoanslach troch de SNA, en twa wiken letter rekken sân oaren ferwûne by in nije oanslach. Yn reäksje dêrop sterke presidint Bill Clinton ein augustus de Amerikaanske troepemacht yn Somaalje fuort mei in spesjale taakgroep (Task Force Ranger), besteande út 400 Army Rangers fan it 75e Rangerrezjimint en in kontingint kommando's fan 'e Delta Force fan it Amerikaanske Leger, oanfolle mei Navy SEALs (kommando's fan 'e Amerikaanske Marine) en 16 helikopters mei bemanning fan it 160e Loftfeartregimint foar Spesjale Operaasjes (160th SOAR). It wie de bedoeling dat de fersterkings trije wiken bliuwe soene om regaad te meitsjen en dêrnei wer weromlutsen wurde soene. Op 25 septimber brûkten SNA-rebellen in RPG-7-loftdoelraket om in Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopter del te sjitten by de haven fan Mogadisjû. Alle trije bemanningsleden kamen om. It wie de earste kear dat der boppe Somaalje in helikopter delhelle waard, en it wie in reuseftige morele oerwinning foar de mannen fan Aidiid. Seis wiken nei oankomst befûn Task Force Ranger him noch altyd yn Somaalje en wie der amper foarútgong boekt. De Amerikaanske legerlieding waard ûngeduldich.

De Slach om Mogadisjû

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 oktober 1993 waard troch de Amerikaanske kommandant yn Mogadisjû, generaal William F. Garrison, besletten ta in militêre operaasje om 'e minister fan Bûtenlânske Saken fan it tsjinregear fan 'e SNA, Omar Salad Elmim, en de wichtichste politike adviseur fan Aidiid, Abdi Hassan Awale, te arrestearjen. Dat soe dien wurde as se har nei it Olympic Hotel bejoegen foar in gearkomste. It hotel wie fêstige yn in buert fan Mogadisjû dy't folslein troch de SNA behearske waard en dy't de Amerikanen oantsjut hiene as Black Sea ("Swarte See"). Dêrfandinne dat de Slach om Mogadisjû yn it Ingelsk ek wol oantsjutten wurdt as de Battle of the Black Sea ("Slach om 'e Swarte See"). By de operaasje waarden ynset: Bravo Kompanjy fan it 3e Bataljon fan it 75e Rangerrezjimint, it 1e Operasjoneel Detasjemint-Delta fan 'e Spesjale Striidkrêften en it 160e Loftfeartbataljon.

De Slach om Mogadisjû, mei yn read de buert Black Sea en de beide plakken fan it delstoarten fan helikopters werjûn en yn blau de basis fan 'e FN-fredesmacht by it stadion en de Amerikaanske basis by de haven en de lofthaven.

It plan wie dat de kommando's fan 'e Delta Force it Olympic Hotel oanfalle soene nei't se dêr ôfset wiene troch MD Helicopters MH-6 Little Bird-helikopters. De finzenen soene binnendoar yn 'e hechten setten wurde. Dêrnei soene de rangers ûnder befel fan kaptein Michael D. Steele by de fjouwer hoeken fan it hotel abseile út Sikorsky UH-60 Black Hawk-helikopters om in ferdigeningsliny om it gebou hinne te fêstigjen. In konfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel Danny R. McKnight, besteande út njoggen Humvees en trije fiif ton swiere M939-frachtweinen soe dan arrivearje fan 'e Amerikaanske basis by de haven en lofthaven fan Mogadisjû. Kommando's, rangers en finzenen soene ynstappe en it konfoai soe wer weromride nei de basis. It wie de bedoeling dat de hiele operaasje yn in healoere foarby wêze soe. De Amerikanen fersommen om 'e UNOSOM II-fredesmacht yn te ljochtsjen oer harren plannen.

Begjin fan 'e operaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op snein 3 oktober 1993 om 13.50 oere middeis ûntfong Task Force Ranger ynformaasje omtrint de lokaasje fan Elmim en Awale. De beide mannen soene in gearkomste yn it Olympic Hotel bywenje dy't dy middeis om 15.00 oere begjinne soe. De kommando's, rangers en helikopters waarden yn opperste steat fan paraatheid brocht. Troch it ferstjoeren fan it koadewurd "Irene" waard de operaasje yn gong set. Om 15.42 oere (trije minuten earder as de bedoeling wie) setten de Little Birds de Delta Force-kommando's, ûnder lieding fan kaptein Austin S. Miller, ôf by it Olympic Hotel. Dêrby waard it sicht troch it opwaaiende stof sa min, dat ien helikopter twongen wie om gruttere ôfstân te nimmen en út posysje te lânjen. De kommando's hiene net folle muoite om 'e oanwêzigen yn it hotel, ûnder wa yndie Elmim en Awale, te oermasterjen en te boeien.

De rangers deunby it Olympic Hotel.

Dêrop kamen de Black Hawks om 'e rangers ûnder lieding fan kaptein Steele by it Olympic Hotel ôf te setten, wat pland stie foar 15.46 oere. It hie de bedoeling west dat it grûnkonfoai it hotel om 15.47 oere al berikt hie, mar it rûn fertraging op om't Somalyske boargers, sadree't se der aan fan krigen dat der in Amerikaanske militêre operaasje geande wie, de strjitten barrikadearren mei autowrakken, pún en baarnende autobannen, sadat se omride moasten. Tsien minuten te let arrivearre it konfoai by it Olympic Hotel en wachte dêr oant de kommando's en rangers harren misje foltôge hiene. De kommunikaasje wie lykwols betize en sawol it grûnkonfoai as de rangers en kommando's ferkearden yn 'e oertsjûging dat it de bedoeling wie dat de oare partij mei harren kontakt opnimme soe as se safier wiene. It resultaat wie dat it grûnkonfoai tweintich minuten lang bûten it hotel stie te wachtsjen op 'e rangers en kommando's, wylst de rangers en kommando's binnendoar op it konfoai sieten te wachtsjen.

Underwilens wie yn 'e earste mominten fan 'e operaasje ranger Todd Blackburn fan in hichte fan 21 m kommen te fallen foar't er út Black Hawk Super 67 (útspr.: Super Six-Seven) nei de grûn ta abseile koe. Syn detasjemint, ûnder lieding fan sersjant Matthew Eversmann, waard dêrom op dat plak, in stedsblok te fier nei it noarden ta, ôfset. Eversmann sloech it oanbod fan piloat Jeff Niklaus ôf om harren wer yn te laden en nei de juste lokaasje te fleanen, om't dat (tocht er) langer duorje soe as de ôfstân gewoan geandefoets ôf te lizzen. Neitiid ferhinderen yntinse oanfallen fan NSA-leden lykwols in skoft dat it út posysje ôfsette detasjemint him by de oare rangers om it Olympic Hotel hinne jaan koe.

In ferlitten strjitte yn jannewaris 1993 oan 'e saneamde 'Griene Line', dy't Mogadisjû ferdielde yn twa parten dy't behearske waarden troch rivalisearjende faksjes yn 'e Somalyske Boargeroarloch.

Blackburn hie swiere ferwûnings oan 'e holle oprûn en moast fuortendaliks werom nei de basis ta evakuëarre wurde. Luitenant-kolonel McKnight sette dêrfoar in kolonne fan trije Humvee's fan it grûnkonfoai yn, ûnder befel fan sersjant Jeff Struecker. Op 'e weromweis waarden de Humvees bleatsteld oan oanhâldende besjittings, wêrby't sersjant Dominick Pila omkaam doe't er yn 'e holle rekke waard. De trije Humvees kamen trochsingele mei kûgels werom op 'e basis en rikjend fan 'e skea dy't se ûnderweis oprûn hiene.

Black Hawk Down (1)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om likernôch 16.20 oere waard ien fan 'e boppe de operaasje omrûntsjedraaiende Black Hawks, de Super 61 fan piloaten Cliff Wolcott en Donovan Briley, delsketten mei in RPG-7-loftdoelraket. De beide piloaten kamen om doe't harren tastel delstoarte en twa oare bemanningsleden rekken swierferwûne. Twa slûpskutters fan 'e Delta Force dy't ek oan board wiene, Daniel Busch en Jim Smith, oerlibben de crash fierhinne ûnskansearre en begûnen it wrak fan 'e helikopter te ferdigenjen tsjin 'e daliks tastreamende Somaaljers. Busch waard fjouwer kear rekke troch Somalyske kûgels. In Little Bird, de Star 41 fan Karl Maier en Keith Jones, lâne deunby en ko-piloat Jones droech Busch nei harren helikopter ta om him nei de basis te evakuëarjen, dêr't er letter oan syn ferwûnings ferstoar.

In Saûdyske Humvee fan 'e fredesmacht UNOSOM II.

Tsjin 'e tiid dat de Star 41 de loft wer yngie, arrivearren likernôch 90 rangers en kommando's ûnder lieding fan luitenant DiTomasso en sersjant Eversmann op it toaniel, dy't de ferdigening fan it wrak fan 'e Super 61 oernamen. Hja kamen swier ûnder fjoer te lizzen en nettsjinsteande de stipe út 'e loft fan 'e oare helikopters, koene se net mear fuortkomme en kamen se by it plak fan 'e crash fêst te sitten. Mei in groeiend tal ferwûnen om foar te soargjen, krongen de rangers fan DiTomasso inkele huzen binnen dy't se besetten. De bewenners waarden yn fertrekken dy't dêrta gaadlik wiene yn harren eigen hûs opsletten. By it hotel ferbriek it delheljen fan 'e Super 61 de ympasse dy't ûntstien wie troch betizing yn 'e kommunikaasje. It grûnkonfoai en de kommando's en rangers makken einlings kontakt. Luitenant-kolonel McKnight en syn mannen namen it ynladen fan 'e finzenen yn it konfoai op harren, wylst kaptein Steele him mei de kommando's en rangers nei it plak ta hastige dêr't de helikopter delkommen wie.

In gefjochtsrêdingsteam (combat search and rescue, CSAR) ûnder kaptein Bill J. Coultrup fan Delta Force en sersjant Scott C. Fales fan 'e Amerikaanske Loftmacht koe út 'e Super 68 nei it plak fan 'e crash abseile, ek al waard harren helikopter ek rekke troch in loftdoelraket. Nettsjinsteande de oprûne skea slagge it de Super 68 werom te kearen nei de basis. It CSAR-team trof de beide piloaten dea oan en de beide oare bemanningsleden swierferwûne. Under yntins fijannich fjoer ferpleatsten se de beide ferwûnen nei in better skûlplak tichteby, dêr't se kevlar-pânserplaten út it wrak fan 'e Super 61 brûkten om in provisoaryske bunker te bouwen.

De bemanning fan 'e Super 64 in moanne foarôfgeande oan 'e Slach om Mogadisjû. F.l.n.rj.: Winn Mahuron, Tommy Field, Bill Cleveland, Ray Frank en Mike Durant. Inkeld Durant soe it militêr treffen oerlibje.

Black Hawk Down (2)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst de measte kommando's en rangers noch ûnderweis wiene fan it Olympic Hotel nei it plak fan 'e earste Black Hawk dy't delhelle wie, waard om 16.40 oere in twadde Black Hawk, de Super 64 fan piloat Mike Durant, mei in loftdoelraket delsketten. Dêrby rekken alle ynsittenden útsein Durant sels dea of swierferwûne. Om't de rangers en kommando's de hannen fol hiene oan it feilich stellen fan it plak dêr't de Super 61 lei, wie der net folle fersterking beskikber om nei it plak te stjoeren dêr't de Super 64 delstoarten wie. Twa slûpskutters fan 'e Delta Force, sersjants Gary Gordon en Randy Shughart, waarden dêr dellitten troch de Super 62, nei't se dêr by harren superieuren oanhâldend en mei oandriuw om frege hiene. De Super 62 soe harren loftstipe jaan, mar de helikopter waard rekke troch in loftdoelraket en moast rikjend en mei slimme skea weromkeare nei de basis.

Dêrtroch bleaune Gordon en Shughart tydlik sûnder loftstipe efter wylst se troch de Somaaljers swier ûnder fjoer nommen waarden. Gordon waard deasketten, wêrnei't Shughart it wapen fan syn maat oan Durant joech. Tegearre holden se de fijân noch likernôch tsien minuten op ôfstân ear't Shughart deade waard. Somalyske striders en boargers streamden doe op it wrak fan 'e Super 64 ta, dêr't se alle ferwûnen deasloegen útsein Durant. Hy dielde op in hier nei it lot fan syn maten, mar waard rêden doe't ofsieren fan 'e SNA persoanlik delkamen om him kriichsfinzen te nimmen en de breinroere kliber dêrfoar mei hurde hân tebekdreaune. Foar harren moed en selsopoffering waard oan Gordon en Shughart neitiid postúm de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding. It wie de earste kear sûnt de Fjetnamoarloch dat dy ûnderskieding útrikt waard.

Striders foar ien fan 'e faksjes yn 'e Somalyske Boargeroarloch yn in ymprovisearre gejochtsfiertúch yn Mogadisjû.

Oanhâldende gefjochten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wie de bedoeling dat it grûnkonfoai ûnder lieding fan luitenant-kolonel McKnight him nei it ynladen fan 'e finzenen fan it Olympic Hotel nei it plak bejaan soe dêr't de Super 61 delkommen wie. Dêr soene dan de ferwûnen en de kommando's en rangers oppikt wurde foar't it konfoai weromkeare soe nei de basis. Trochdat tsjin dy tiid oeral yn dat diel fan Mogadisjû strjitten ôfsletten wiene mei opwurpen barrikades, slagge it McKnight-en-dy lykwols net om it plak fan 'e Super 61 te berikken. Ynstee trochkrúste syn konfoai ûnder in oanhâldende rein fan kûgels de hiele wyk wylst kolonels William Boykin en Gary L. Harrell, dy't heech boppe de stêd út in helikopter wei tafersjoch oer de operaasje holden, him by de barrikades lâns besochten te lieden. Troch de oanhâldende bleatstelling oan fijannich fjoer befette it konfoai op in stuit mear ferwûnen as ûnskansearre soldaten, en wie McKnight twongen om it op te jaan en werom te kearen nei de basis. Underwilens wie sersjant Struecker der mei syn trije hastich opkallefatere Humvees wer op útstjoerd om it wrak fan 'e Super 64 fan Durant feilich te stellen, mar hy koe likemin troch de barrikades hinne komme en moast sûnder wat bedijd te hawwen nei de basis weromkeare. (Der kaam nei ôfrin fan 'e slach in protte krityk op it beslút fan 'e Amerikaanske legerlieding om gjin tanks mei te stjoeren nei Somaalje, dy't dwers troch de barrikades hinne ride kinnen hiene.)

De groep fan kaptein Steele wie ûnderweis fan it hotel nei it plak dêr't de Super 61 delstoarten wie, op safolle wjerstân staat, dat er twongen wie him mei likernôch 40 foar it meastepart ferwûne rangers te ferskânzjen yn in gebou dat likernôch healwei it hotel en delstoarten helikopter stie. In lyts groepke Delta Force-kommando's mei inkele net-ferwûne rangers stjoerde er ûnder sersjant Jeff Sanderson troch om 'e rangers en kommando's by de Super 61 te fersterkjen. Troch de oanboazjende wjerstân fan 'e Somaaljers sieten de troepen fan luitenant DiTomasso en sersjant Eversmann en it CSAR-team dêre folslein fêst. Foar en nei it fallen fan it tsjuster besochten de Somaaljers ferskate kearen de Amerikaanske posysjes by it earste helikopterwrak ûnder de foet te rinnen. Salang't it noch ljocht wie, waard dat tsjinkeard troch agressive ferdigening op 'e grûn en stipe fan Little Birds en Black Hawks út 'e loft. Nei it fallen fan it tsjuster markearren de Amerikaanske grûntroepen de posysjes fan 'e fijân mei ynfrareade knipperljochten en fertrouden se op 'e Little Birds, de iennichste helikopters dy't tarist wiene om by nacht te fleanen, om mei de fijân ôf te weven.

Maleizyske Condor-pânserfiertugen fan UNOSOM II.

It ûntsettingskonfoai arrivearret

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens waard op 'e FN-basis, dy't fêstige wie yn it Stadion fan Mogadisjû, koartseftich wurke om in ûntsettingsmacht te organisearjen. Dêrby moast by neat wei begûn wurde, om't de Amerikanen foarôfgeande oan 'e operaasje gjin inkeld needplan opsteld hiene en allyksa fersomme hiene om op lykfol hokker wize wat te koördinearjen mei de troepen fan 'e fredesmacht. No waard halje-trawalje in ûntsettingskonfoai gearstald, dat bestie út eleminten fan it 14e Ynfanteryrezjimint en de 10e Berchdifyzje fan it Amerikaanske Leger, it Keninklik Maleisk Rezjimint fan it Maleizyske Leger en it 19e Lansiersrezjimint, it Rezjimint fan Grinsstriidkrêften en it Balûtsjyske Rezjimint fan it Pakistaanske Leger. Al mei al gie it om sa'n 3.000 man yn mear 100 fiertugen, wêrûnder ferskate Maleizyske Condor-pânserfiertugen, fjouwer Pakistaanske M48 Patton-tanks en in grut tal Amerikaanske Humvees en M939-frachtweinen. Troch skea en skande wiis wurden, naam generaal Garrison no gjin heale maatregels mear en bewissige er him derfan dat it ûntsettingskonfoai genôch fjoerkrêft hie om eltse sitewaasje de baas te wurden, ek al rûn de rêdingsoperaasje dêrtroch oansjenlike fertraging op.

It ûntsettingskonfoai, dat 21/2 km lang wie, klearre himsels mei de help fan 'e tanks in paad troch Mogadisjû, wêrby't it oanhâldend besketten waard. Dêrby kamen ferskate Amerikanen, ien Maleizjer en ien Pakistaan om. It konfoai arrivearre tsjin 02.00 oere nachts op it plak dêr't kaptein Steele en syn ferwûne mannen harren ferskânze hiene en laden harren yn. Goed fiif minuten letter arrivearre de foarhoede by it plak dêr't de earste Black Hawk delsketten wie. Dêr waarden de rangers en kommando's fan DiTomasso, Eversmann en Sanderson mei harren ferwûnen ûntset en ynladen en teffens it CSAR-team mei de ferwûnen en deaden út 'e helikopter. Der bliek foar in groep rangers en kommando's, en ek foar guon soldaten fan 'e 10e Berchdifyzje dy't it eigen plak ôfstien hiene oan ferwûnen, gjin romte yn 'e Amerikaanske fiertugen fan it konfoai te wêzen. Dat betsjutte dat se dravend it konfoai sjen moasten by te hâlden. Dat foarfal kaam bekend te stean as de 'Myl fan Mogadisjû' (Mogadishu Mile). Oars as faak tocht wurdt, hoegden se net it hiele ein nei de FN-basis te draven, mar inkeld in stik nei in rendez-vouspunt mei Pakistaanske ienheden dy't noch wol romte foar harren oer hiene. Om likernôch 06.30 oere op 'e moarn fan moandei 4 oktober kaam it ûntsettingskonfoai werom op 'e FN-basis yn it stadion, en wie de Slach om Mogadisjû foarby.

Rangers fan it Amerikaanske Leger keare yn 1993 werom op 'e FN-basis nei in misje.

Der kamen yn 'e Slach om Mogadisjû 18 Amerikaanske militêren om. Twa dagen letter, op 6 oktober, foel der in mortiergranaat op it Amerikaanske diel fan 'e FN-basis, wêrby't sersjant Matthew L. Rierson fan 'e Delta Force omkaam. Om't hy yn 'e offisjele statistiken meirekkene wurdt, kaam dêrmei it totaal oantal sneuvele Amerikanen op 19. Der rekken 73 Amerikanen ferwûne, de 12 ferwûnen fan 'e mortieroanfal fan 6 oktober ynbegrepen. De Maleizjers hiene 1 deade en 7 ferwûnen te betreurjen en de Pakistanen 1 deade en 2 ferwûnen. De Amerikanen ferlearen fierders 2 helikopters en hiene 2 oare helikopters dy't swier skansearre rekken. Doedestiden wie de Slach om Mogadisjû it bloedichste militêr treffen dêr't de Amerikaanske Striidkrêften by belutsen west hiene sûnt de ein fan 'e Fjetnamoarloch, en dat bleau sa oant de Twadde Slach om Fallûdja fan 2004, yn 'e Irakoarloch.

It is ûndúdlik hoefolle deaden en ferwûnen der oan 'e Somalyske kant foelen. Skattings rinne útinoar fan inkele hûnderten oan tûzen deaden, mei miskien 4.000 ferwûnen. It Ynternasjonaal Komitee foar it Reade Krús rûsde dat der likernôch 200 Somalyske boargers (dus de sneuvele striders fan 'e SNA net meirekkene) yn 'e gefjochten omkamen en dat der ferskate hûnderten boargers ferwûne rekken. It boek Black Hawk Down, in histoarysk ferslach fan it treffen, út 1999, ornearret dat der mear as 700 SNA-striders omkamen en mear as 1.000 ferwûne rekken. Yn in dokumintêre fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Frontline út 1998 sei de lieding fan 'e SNA lykwols dat der mar 133 striders sneuvele wiene. De krante The Washington Post neamde de oantallen fan 312 sneuvele en 814 ferwûne SNA-striders.

Generaal Garrison naam neitiid de folsleine ferantwurding foar it fiasko op him. Hy wiisde der lykwols op dat de doelen fan 'e oarspronklike operaasje, te witten de arrestaasje fan ferskate heechpleatste persoanen binnen de SNA, berikt wiene. Mar dy taktyske oerwinning wie tsjin sa'n hege priis kocht dat it in Pyrrusoerwinning wurden wie. Soks soe nea wer barre, wat betsjut dat de Slach om Mogadisjû eins in strategyske oerwinning foar de SNA wie.

De Amerikaanske presidint Bill Clinton rikt de Medal of Honor út oan 'e widdo fan sersjant Gary Gordon.

Nei ôfrin fan 'e slach waarden de stoflike omskotten fan in stikmannich Amerikaanske militêren troch Somalyske boargers en SNA-striders troch de strjitten fan Mogadisjû sleept. Dêrby gie it om 'e liken fan 'e bemanning fan 'e Super 64 en harren ferdigeners, de kommando's Gordon en Shughart. Troch ûnderhannelings en mei yntimidaasje fan 'e stamâldsten fan 'e Habar Gidir wist in Amerikaanske spesjale gesant foar Somaalje de lichems úteinlik werom te krijen. Tsjin dy tiid wiene se der tige min oan ta en wie by ien sels de holle loskommen fan it romp. De Amerikaanske piloat Mike Durant, dy't troch de SNA kriichsfinzen nommen wie, waard nei 11 dagen frijlitten.

Nei it fiasko yn Mogadisjû kaam de Amerikaanske presidint Bill Clinton ûnder swiere druk te stean om fuortendaliks de hannen fan Somaalje ôf te lûken en alle Amerikaanske troepen út it lân werom te heljen. Op 6 oktober, twa dagen nei de slach, joech er de Amerikaanske Striidkrêften befel om alle operaasjes tsjin Aidiid en de SNA stil te lizzen, útsein dy dy't rjochte wiene op selsferdigening. Hy wegere lykwols in direkte ôftocht te beoarderjen. Ynstee kundige er oan dat alle Amerikaanske troepen op 31 maart 1994, in goed healjier letter, út Somaalje wei wêze soene. Dat bea tiid om alle taken dy't de Feriene Steaten yn UNOSOM II hie, op oarderlike wize oer te dragen oan blauhelmen út oare lannen.

Op 4 febrewaris 1994 naam de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes Resolúsje 897 oan, wêryn't besletten waard ta de ôfbou fan UNOSOM II en de weromlûking fan alle FN-troepen út Somaalje. Yn augustus fan dat jier diene de Feriene Naasjes in formeel fersyk oan 'e Feriene Steaten om lieding te jaan oan in koälysje dy't de ôftocht fan 'e blauhelmen út Somaalje ûnderstypje moast. Op 16 desimber joech presidint Clinton it griene ljocht foar sa'n operaasje. Dy kaam Operaasje United Shield te hjitten en sette op 7 febrewaris 1995 útein. Op 6 maart fan dat jier hiene alle FN-troepen Somaalje ferlitten. Kriichshear Mohammed Farrah Aidiid waard nea oppakt, mar kaam yn augustus 1996 om oan komplikaasjes by in ferwûning dy't er yn 'e striid tsjin it USC oprûn hie.

De haadrotor fan 'e Super 61, dy't delsketten waard yn 'e Slach om Mogadisjû.

De Amerikaanske nasjonale psyche hie troch de Slach om Mogadisjû in rare knau krigen, en de Amerikaanske wil om fredesmachten te lieden of dêroan diel te nimmen wie foargoed bekuolle. Yn 'e folgjende jierren waard it Amerikaanske bûtenlânsk belied yn hege mjitte foarme troch de eangst om op 'e nij yn in selde sitewaasje te bedarjen. Saakkundigen neame dat as de wichtichste reden foar it falen fan 'e Feriene Steaten om (op 'e tiid) yn te gripen yn lettere konflikten, lykas de Rwandeeske Genoside en de Bosnyske Oarloch.

It bekendste boek oer de Slach om Mogadisjû is Black Hawk Down: A Story of Modern War ("Black Hawk Delstoart: In Ferhaal oer Moderne Oarlochfiering"), in non-fiksjeferslach dat yn 1999 publisearre waard troch Mark Bowden. Piloat Mike Durant die yn 2003 in autobiografysk ferslach fan syn ûnderfinings yn In the Company of Heroes ("Yn it Selskip fan Helden", in ferwizing nei Gordon en Shughart). Ferskate oare Amerikaanske militêren publisearren soartgelikense autobiografyske ferslaggen. De Slach om Mogadisjû waard lykwols it bekendst troch de film Black Hawk Down,dy't produsint Jerry Bruckheimer en regisseur Ridley Scott der yn 2001 oer makken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Bibliography, op dizze side.