Springe nei ynhâld

Tod Williams

Ut Wikipedy

Tod Culpa "Kip" Williams (New York, 27 septimber 1968) is in Amerikaanske regisseur, filmprodusint en senarioskriuwer.

Williams is hikke en tein yn New York en is de soan fan arsjitekt Tod Williams (mei-oprjochter fan Tod Williams Billie Tsien Architects (Billie Tsien is syn styfmem)) en in dûnseresse. Foardat er oan de gong gie as freelance-sjoernalist by de New York Times, ôfdieling Los Angeles, studearre er skilderkeunst en literatuer oan de Bard College en Colombia Universiteit. Dêrnei folge it Amerikaanske Filmynstitút (American Film Institute.

  • The Adventures of Sebastian Cole (1998 - senario en rezjy)
  • The Door in the Floor (2004 - senario en rezjy)
  • Paranormal Activity 2 (2010 - rezjy)

Todd Williams is de broer fan model Rachel Williams.

Fan 1995 oant 2000 hat Williams troud west mei Famke Janssen. Sûnt 1 juny 2004 is er boaske oan aktrise Gretchen Mol. Sy krigen in soan en in dochter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]