Springe nei ynhâld

Victoria Silvstedt

Ut Wikipedy
Victoria Sylvstedt

Karen Victoria Silvstedt (Skellefteå, 19 septimber 1974) is in Sweedsk model, neakenmodel, aktrise en sjongster. Hja wie de Playboy Playmate fan it Jier 1997.

Fan jongs ôf oan mocht sy graach skye en sy waard lid fan it Sweedske skyteam. Sy moast lykwols ophâlde nei in slimme skouderblessure.

Se die mei oan de Miss Sweden-ferkiezing en waard twadde nei Johanna Lind. It jier dêrnei fertsjintwurdige sy har lân by de Miss World-ferkiezing en wie sy ien fan de acht finalisten. Yn 1994 waard sy model yn Parys, mei opdrachten foar bedriuwen as Chanel, Christian Dior, Givenchy, Valentino en Giorgio Armani.

Silvstedt wol hawwe dat har favorite hobby sjongen is. Yn 2001 naam sy in album op mei de titel Girl on the Run, mei dêrop de single Hello Hey.

Sy spile mei yn Hollywood-films as Boat Trip, The Independent, BASEketball en Out Cold.

Silvstedt kin har rêde yn it Sweedsk, Ingelsk, Frânsk en Italjaansk.

  • Girl on the Run (1999)
  • Hello, Hey (1999)
  • Rocksteady Love (1999)
  • Party Line (1999)
  • Saturday Night (2010)
  • BASEketball (1998)
  • The Independant (1998)
  • Melrose Place (TV-rige) (1999)
  • Naken (2000)
  • Ivans XTC (2000)
  • She Said I Love You (2001)
  • Cruel Game (2001)
  • Out Cold (2001)
  • Boat Trip (2002)
  • Beach Movie (2003)
  • Victoria Silvstedt : My Perfect Life (reality-rige) (2008)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Victoria Silvstedt fan Wikimedia Commons.